Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Swevend nijs

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Berjochten fleane oer de wrâld,
berikke ek de fierste hoeken
mei de digitale taal;
wa’t dy net folgje kin, is âld
en yn ’t moderne libben stûke.

Image

Mar rinne âlde paden dea,
dan riist it nijs wol nei de wolken,
sweeft op fjoer en gas bretaal
troch digitale taal, ta skea
fan alle mailferslave folken.

Sjedêr de Ljouwerter, hoe’t dy
berikt yn Fryslân alle hoeken
mei in âld, ek nij ferhaal;
it brânt deryn, foar digi-dy
is sa’n ballon mar min te brûken.

Image

admin

Dialooch

Keunst
PDF Print E-mail
Ferdinand Bol*
Gerard ter Borch**
 

Dêr stiet er dan yn Poalske klean
en tusken ark fan it geweld:
de lopen foar de kûgelrein,
de pylken op ‘e bôge lein,
in stielen skyld krekt yn de baan,
in tromme op deryn te slaan,
de fjildhear as de grutte held,
noch efkes foar ’t posearjen stean.Image

Sy stiet yn lange, ljochte jurk,
it nekje yn de brede kraach,
it snútsje spits as fan in mûs,
de skouders pronkje mei in strûs,
de linkerhân taast om hâldfêst,
de rjochterearm ferdraacht de lêst,
it froutsje fan it goede laach
posearret foar it skilderswurk.

Image

De dialooch is koart en klien:
‘Dy reade blom, stek dy mar op,
ik sjit him samar fan dyn kop!’
‘Dat soest wol wolle, bleke boer,
de anjer stek ik yn de koer.’
Se binne elk in kant út gien.

* Ferdinand Bol (1616-1680)
waard yn Dordrecht berne
en krige syn oplieding
by Rembrandt yn Amsterdam.

** Gerard ter Borch (1617-1681)
hat fiif jier yn it bûtenlân west:
Ingelân, Italië en Spanje.
Hy skildere foaral portretten.


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum