januari 15, 2025
fan George Orwell*
Wa’t dyn grutte broer eins is,
hoecht dochs gjin fraach te wêzen?
Pratend rint er mei dy op:
‘Hoechst net yn noed te sitten,
kom oerein, do rinst gjin risiko…
sjochst it mei my sitten?’
Lytse suske wit it wis:
‘Myn broer kin ik fertrouwe
op syn wurd, mar hoe’t it sit
mei twa pear skerpe eagen
fan de achterbakse manager…
wier, it is gjin leagen.’
Grutte broer dy’t oeral is,
lit nimmen yn it wêzen
fan in minske mei in hert
dat kloppet ek foar oaren,
rint it troch, dan rinst gjin risiko,
hast de koers feroare.
* George Orwell (1903-1950)
Boek ‘Big Brother is watching you’
januari 13, 2025
fan ûnbekend*
Lit sosjaal de wierheid klinke
oer de brannen yn Los Angeles:
bestriden wurdt it fjoer mei man
en macht, mar net foar wa’t de macht
begeart om fjurrich kwea te tinken.
Lit him drinke ’t smoarge wetter
út syn eigen boarne: Social Truth…
en fange nutteleaze fisk,
lis oan syn skinen nei it fjoer
sadat er rekket op ’e kletter.
Lit it lân fan dream en winsken
nea wer stimme op in krimineel
as presidint, mei leagens, man
en macht stekt hy de wrâld yn fjoer
en flam, ferbrânt syn eigen minsken.
* Foto ‘Brân bestride’