augustus 11, 2023
fan ûnbekend*
Wol trije muorren om ’t kastiel,
massyf de stiennen tuorren,
dy’t it holden tsjin geweld,
gjin ridder koe it rêde
om yn te nimmen fort en siel.
De leafde spile ek in rol:
Bianca Pellegrini
wie maîtresse fan har hear;
in Pier Maria Rossi
hold it oant de dea ta fol.
De fresko’s, oan har leafde wijd,
fertelle net fan tuorren
dy’t it holden tsjin geweld,
mar byldzje út yn kleuren
wêr’t de fijân poer oer swijd.
* Foto ‘Kastiel Torrechiara yn Italië’
augustus 10, 2023
fan Andrew Wyeth*
It útsicht is it ideaal
dat oanlûkt nei de fierte ta:
in hûs om rêst te finen,
mar fierderop de flakke kym…
de flecht út it ferline.
Sy sleept noch mei har mank ferhaal,
krûpt stadich nei de fierte ta
om dêrnei út te rêsten
en stiet har libben goed op rym,
dan giet sy foar it bêste.
Har jong bestean op grutter skaal
stiet op lykas har namme seit:
Christina sil no fine
it útsicht sûnder noch de skym
fan slepe mei har pine.
* Andrew Wyeth (1917-2009)
Skilderij ‘De wrâld fan Christina’