Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Faai teken

Lyrysk Deiboek


De himel jout it faaie teken
dat it twa foar tolven is,
noch hûnderttweintich tellen
foar’t de klok begjint te slaan
foar saakkundigen en leken.

De leek seach ’t swurk al langer driuwen,
nei in hjitte rite dy’t
oer ’t wjerljochtsjen fertelde,
wylst de wittenskip alarm
sloech om by de tiid te bliuwen.

De raffels boppe beammen driigje,
mar dêrtusken bliuwt it ljocht,
noch hûnderttweintich tellen
foar’t de klok begjint te slaan
en de weagen meters stiigje.

admin

Wraak op 231

Skiednisbylden

fan ûnbekend*

It heitelân wie net mear frij
yn ’t eigen dwaan en litten,
hie yn it easten lykwols Ynje noch,
koe dêr de Dútsers ynternearje…
dat ha 231 witten.

De fijân liet it dêr net by,
neat woe hy sitte litte
wat net paste yn syn strategy
fan Dútsers sille oeral hearskje…
dat ha 231 witten.

De learzens stampten net foarby,
hy moast syn hûs ferlitte
sûnder dat er ynternearre hie,
de Dútsers hiene gjin begrutsjen…
dat ha 231 witen.

Wat har te wachtsjen stie, wie nij,
wat sy net sitten seagen
yn kamp Buchenwald, mar ’t wie omdoch,
de Dútsers hiene ’t foar it sizzen,
al wie ’t foar alle finzenen in leagen.

* Foto ‘Poarte kamp Buchenwald’


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum