Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Leechte

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It moarnsljocht socht har lege stoel
en skampte oer de tafel hinne,
want se soe wol efkes rinne,
mar it hie gjin inkeld doel.

It spul hie hjir it doel ferlern,
stie klear om fierderop te libjen,
’t is teminsten noch it stribjen,
mar ’t wie net om oan te sjen.

De frachtwein koe it amper yn,
hoewol’t se jierren al allinne
wie, net folle mear te winnen,
want se rekke stadich blyn.

Image

It jûnsread sil syn bêst noch dwaan
om efkes by har yn te skinen,
sil de bline leechte fine,
dêr’t gjin ljocht mear is te jaan.

admin

Fotosjenyk

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

In dizich byld, it koe net skerper,
want hy hie my yn de gaten
sa’t ik op ‘e hichte stie,
benijd nei watfoar doel er hie,
koartsein ik woe wol efkes prate:

‘Wat hasto mei in wite rôle
dêr’t gjin mûzen mear yn sitte
of brûksto dy foar it sicht
om te foldwaan oan eigen plicht,
koartsein lit my it efkes witte.’

Syn antwurd kaam yn byld, wol dûbel,
want ik kriich ien yn de gaten
dy’t in eintsje fierder stie:
‘Wy binne beide út ‘e rie,
koartsein in foto foar de baten.’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum