Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Franklin Delano Roosevelt

Skiednisbylden

fan ûnbekend*


De roazen bloeiden net folop
yn ’t fjild doe’t hy de lieder waard
yn ’t lân fan dream en winsken;
folop spekulearre wie mei jild
fan minsken mei ynklauwich aard.

De banken giene oer de kop,
de klanten rekken yn panyk,
wat útrûn op depresjes
fan de minsken en de maatskippij…
wa seach yn ’t lân doe noch ûntwyk?

De roazen bloeiden net yn ’t fjild,
mar Roosevelt as presidint
liet mei ‘New Deal’ de minsken
diele yn ’t bestean mei perspektyf,
wat mear wie as in blauwe print.

Hy gie de oarloch yn mei jild
foar wapenark foar Ingelân
en sette letter presje
mei syn lân op ’t winnen fan de kriich,
in oare wrâld brocht hy ta stân.

* Foto ‘Franklin Delano Roosevelt’

admin

Rots as fûst

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

De Nui-baai mei syn hege rots,
dy’t as in fûst omheechstekt,
iuwenlang foar de oerwinning
fan ’t natuerlike bestean,
mar hoe soe ’t fierder gean?

De film ‘The Beach’ spriek tige oan,
dat wa’t dy sjoen hie, kaam nei
Tailân ta om waar te nimmen
hoe’t de werklikheid dêr wie,
mar hoe’t it fierder gie?

Toeristen taasten ’t libben oan
yn de natoer, it útsicht
koe dêrnei gjin sprekken lije,
der waard plante nij koraal…
’t ferfolch fan dit ferhaal?

De Nui-baai mei syn hege rots,
dy’t as in fûst omheechstekt,
hat in dûbele betsjutting:
lilk en lokkich tagelyk,
want ryk komt wer nei bryk.

* Foto ‘Utsicht oer de Nui-baai yn Tailân’
 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum