Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Mistljocht

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De moarntiid hie der gjin problemen mei,
omdat se yn de nacht ek waren,
wiven yn it dizich kleed
en doe’t dy dûnsen troch de dei,
earst yn de langte en doe breed,
dreau oan de hjerst lykas op baren.

De weinen kroepen stadich oer de dyk
mei ljochten stekkend der trochhinne,
wiif en keardel yn de stress,
de rêgen krom, de skonken bryk
en yn de bek ’t fiktive mes,
mar fan de hjerst foel net te winnen.

It hynder hie der gjin problemen mei
dat wiven oer de greiden waren,
dat hy seach it glimkjend oan
mei ’t mistljocht op, ’t waar wie dernei,
it like moai op dizze moarn,
yn wiven seach er gjin gefaren.

Image

admin

Enerzjyfraach

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Wurdt it wyn of earder sinne
yn de striid om ’t earste plak,
it giet yn ’t libben om te winnen,
elk besjocht it út syn fak.
De skipper sjocht meast nei de wolken,
driuwend by it swurkblau lâns
en ek nei ’t wetter, hoe’t dat kolket,
wachtet rêstich op syn kâns.

Image

Dus fart syn klipper noch motoarysk
foar ’t ûnwittend wâlpublyk,
de skipper showt wat is histoarysk,
tsjinnet elk sa fan replyk.

Mar moarn sil hy de seilen hysje,
krijt er faasje fan de wyn,
foar ’t skip de tûzenste edysje,
enerzjyk de takomst yn.

De stjoerman sjocht meast nei de sinne,
strieljend of net mear te sjen,
op ljocht moat hjoed syn motor rinne,
oars hat hy de striid ferlern.

Image

Wurdt it wyn of earder sinne
yn de striid om ’t earste plak,
it giet yn ’t libben om te winnen,
elk besjocht it út syn fak.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum