Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Abel en Niels

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Hoe soe Abel kwea yn ’t sin ha,
earste hoeder fan in keppel skiep,
slachtoffer fan syn broer;
hy riisde ier op út ‘e sliep
en stiet as skipper oan it roer.

Hoe soe Niels gjin útsicht hawwe,
earste jonge op in guozzerêch,
in flecht fier boppe ’t wiet;
de radar is it skerpe each
dat rûnom oer it wetter giet.

Soene fiskers it wol witte
dat de Abel-Niels mei faasje fart?
Gjin noed, gjin kwea, wol sicht,
dus neat wat ûnder wetter bart,
want beide dogge harren plicht.

admin

Fioele of Trompet

Lyrysk Deiboek

p1020256

Lang libje Liberty
en ek de fjouwer stjerren
dy’t yn it hokje wolle,
guon ambysjes sille stjerre.

It hokje wurdt wer wyt,
want swart soe ’t lân bedjerre;
it waard Trompet tefolle,
woe himsels allinnich hearre.

Fioele klonk wat heas,
somtiden lang net suver;
Trompet fûn sy in bolle,
mei syn steile sprongen nuver.

Fioele of Trompet?
It sil yn ’t hokje klinke
sa’t stjeroanbidders wolle…
Liberty sil dêrop drinke.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum