Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Blinkend swart

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Sjedêr komt de stoomboat
yn Fryslân wer oan,
de Sint hat it oandoard
mei fleurich fertoan,
hoe drafket syn skimmel,
mar is ’t net te blank?
De Fries is hiel himmel,
hy hâldt net fan stank.

Image

Robinsons fruitshoot hat neat jûn,
want feintsje Freed wie donker kleurd,
in swarte feesthûd is net sûn,
dus wie in blanke oan de beurt.

Sjedêr, it is ferkeard beteard,
want knuffel Sneon, ’t is net oerdreaun,
wie raar ferslein, kaam yn de feart,
mar is troch ’t hier wol driuwen bleaun.

Image

Syn maat stiet te laitsjen,
want swart stiet him goed,
men kin him neat meitsje,
want read is syn bloed,
syn knuffel moat tanke
foar wer enerzjy
en Pyt sil swart blinke
sa’t hy altyd die.

admin

Wêrom skreppe?

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Wêrom soe men skreppe
yn in jierrenkoart bestean?
Dus lit ús nei de hichte gean,
de lift rint lichter as de treppen.

Image

Nei de piramide
of de obelisk, yn stân
al ieuwen; dizze is fan sân,
hat oars net as ferfal te bieden.

Lit ús sjen nei stammen,
rikkend oan de himel ta,
want wêrom soe men ’t minder ha,
mar dizze giet ferlern, ferjamme.

Image

Wêrom soe men skeppe
yn it sân of foar in beam?
’t Is mei it each op hjoed in dream
en moarn te sjongen of te rappen.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum