Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Generaasjeteater

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Lit ús der net om hottefylje,
oars net as op ’t poadium,
lit ús ien nimme, wodka of oars rum,
dan sille wy it spul wol spylje.

De âlde stammen binne fallen,
fol mei groeden yn de lea,
lit ús twa nimme, ’t wie in mylde dea
en gjin gesicht fan foet oant holle.

It  reade krús wie al de koade
foar sedaasje, ’t koe net mear,
dêrom net trije foar de lêste ear,
de motorseage song in oade.

Wa’t spilet, tinkt net oan in flater,
sjocht mei niget nei it dak,
de nije generaasje stiet teplak,
dus lang sil libje ’t stedsteater.

Image

admin

Ut ‘e mist

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Tink net, it is in Fryske saak,
soks kostet enerzjy,
want wrâldwiid hearskje de problemen
dy’t freegje om in goede rie
as antwurd… aksje yn de maak.

Fiel wyn en sinne op ‘e hûd,
dan komt men yn de wrâld op stoom
en brekt de minske troch systemen,
sjocht yn de takomst gjin fantoom,
dy’t sûget út elk hert it bloed.

Dan komt de stoomboat út ‘e mist
en draait de motor op ‘e wyn,
gjinien kin noch de wierheid claime,
swart giet mei wyt de skoarstien yn
en beide witte dan: sa is ’t!

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum