Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Troch it gat

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Wat âld is, kin noch jierren mei,
it iene lit it oare sjen
troch ’t gat, in diafragma
mei ’t selde ljocht sa troch de dei,
wat âld is, giet noch net ferlern.

Der stiek in balke troch it gat,
dy’t stadich draaide op ‘e wyn
om draaiend fyn te meallen;
de stien hat no mear fan in grot,
mar wat is echt en wat is skyn?

It diafragma bringt de beam
yn byld, gjin balke foar it gat;
de stien en stam op jierren
fertelle fan de libbensstream…
yn âlde gatten sjocht men wat.

Image

admin

Wetterstêd

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

In wetterstêd hat nea tefolle,
yn mar en grêft kin altyd mear,
dus gie de rie der wer oer gear,
want Snits krijt noch gjin wetterholle.

It ûnderein, dêr moat it barre,
de blaas is foar de helte fol
en stiet foar ’t pisjen noch net bol,
dan kin men op urine farre.

De oerheid wol it leafst skjin wetter,
dat streamt fan Wâldfeart nei de Geau,
oerbrêge wurdt dêrmei de kleau,
de euro’s streame jierren letter.

Dan rint in nije generaasje
tefreden oan de hân fan mem,
dan skuort fan nocht de fisker him
de bûsen út, syn slach mei faasje.

In wetterstêd hat nea tefolle,
dus sjong dit liet mar kear op kear,
mei man en macht rap yn de wear,
de kraan is oeren al oan ’t dollen.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum