Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Nullen en spikers

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It rûn tsjin achten, ’t nije jier
wie noch net skerp, lei yn it tsjuster
doe’t ik troch de Snitser strjitten rûn;
der wie gjin sprake mear fan sier
en wat ik op ‘e stiennen fûn,
wie fan fannacht en ek fan juster.

Image

In lege krystbeam, swart fan roet
en hjir en dêr ferskroeide nullen,
spriek my middenop ‘e dyk noch oan:
sjoch nei wat gloeit fan wat wie goed
yn ’t âlde jier, want hjoed of moarn
fergiet it sa de nije spullen.

Wie dit de seine foar in jier?
In boadskip swier om mei te dragen
troch de strjitten oant it is wer âld;
de hichte joech it antwurd, ’t wie net fier:
de spikers foar in nije wrâld,
dus bouwe alle libbensdagen.

admin

Lokkich 2015

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Noch rinne sy oer ’t wetter,
tusken kryst en âld en nij,
presintsjes yn de slide,
hoewol’t it bern is al foarby.

Sy witte al net better
dat it feest glydt wiken troch
en glydt it net, dan ride,
it kin yn jannewaarje noch.

En wurdt it al wat letter,
dan giet út it kleure ljocht,
it waar wurdt sêft as side,
de bisten hawwe skjin har nocht.

Hy stiet hjoed noch allinne
nei de flecht mei Brún syn bear,
de kjeld krûpt nei de holle,
syn beide hannen dogge sear.

Hy hat in wrâld te winnen,
mar sjocht skrillich achterom,
hy soe graach fierder wolle,
miskien ropt ien wol: ‘Mirza, kom!’

Image
Foto yn in folder fan ‘Stichting Vluchteling’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum