Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Djoer miel

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

In fiere reis, in folle blaas
en dat by in stasjon
dat sletten is foar it publyk;
wyld pisje is gjin opsje
tusken rappe rails en drokke dyk
en boppedat krijt men in bon.

En is de need op ’t alderheechst,
sjedêr in kreas toilet
dat noeget beide, naad en slang;
dêrhinne is de opsje:
mei de koarting op ‘e earste rang
en ’t is foar pisjen net te let.

It skoddet wyld, dus rap derút,
it hokje giet derwei:
de mienskip jout foar mar ien miel
tsien euro, dus gjin opsje
foar de heechste need, it wie dernei
en boppedat in hiel gepiel.

admin

Teken fan ienheid

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Se leine op in tegel,
abnormaal yn skiere tiid
fan yn ‘e hûs om dêr te kleurjen,
feilich foar de fûle striid…
se hâlde foar de bûtenspegel.

Tsien kleuren yn in strjitte
mei in toutsje foar ’t ferbûn
om rêstich by elkoar te bliuwen
fan de moarntiid oant de jûn
oant kûgels út ‘e lopen sjitte.

Dan komme se yn aksje
foar ekspresje fan ’t gefoel,
elk mei in tint, fan ljocht nei donker,
want in teken is it doel,
de keunst is ienheid út ‘e fraksje.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum