Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Koershâldend

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

As de spjir riist boppe keale tûken
nei in nacht mei froast en snie,
de moarntiid wit mei ’t spul gjin rie,
dan wol it noard de geasten lûke.

Frije geasten dy’t der net fan grize
om te fleanen yn de kjeld
as guozzen om’t de wjukslach telt
en mocht ien al de koers ferlieze…

Tusken snobberswinkel en La Bamba
stiet Gerbrandy yn de kjeld,
foar Friezen yn de slach de held
dy’t him net foar syn ôfkomst skamme.

Image

admin

Wurk tsjin terreur

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

As sels de stam it net mear sitten sjocht,
de keale earmen helpleas opstekt,
de tinne fingers spriedt,
de stoarm brekt dan it rjocht
fan wat earst stevich siet.

De iene stam is faak de oare net,
de glêde hat neat mei de rûge,
der is ferskil oer kleur,
wat brekt de libbenswet
troch kûgels fan terreur.

De hoop is rjochte op it nije grien,
dat mei fêsthâldend hoedzjen útbrekt
en ôfstekt tsjin it swurk,
dan binne earmen ien
fan sin: jûchhei nei ’t wurk.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum