Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Mona fan Marie

Keunst
PDF Print E-mail
fan Constance Marie Charpentier*
fan Leonardo da Vinci**

Image

In skilderij fan Jacques-Louis,
sa woene kenners optein ha,
de skilder fan Napoleon
op ’t hynder, striidber derop ta,
mar ’t wie in keunstwurk fan Constance Marie.

Mar koe in frou de keunst ferstean
fan Leonardo’s heech berik:
fan skilderij oant loftballon?
Constance Marie sei: ‘Hjir bin ik,
in frou hat each foar mear as siden klean.’

Har skilderij brocht minder op
as dat it wie fan Jacques-Louis,
sa is it wrâldsje fan ‘bon ton’,
mar sjoch de Mona fan Marie…
hat Leo’s Lisa folle kreazer kop?

Image

* Constance Marie Charpentier (1767-1849)
wie in learlinge fan Jacques-Louis David,
de skilder fan ‘Napoleon stekt de Alpen oer’.

* Leonardo da Vinci (1452-1519)

admin

Heit en soan

Keunst
PDF Print E-mail
fan Rembrandt*

Image

Dêr sit ik dan, noch yn de pronk
fan ’t heech karaatske goud,
de skittering fan ’t jong bestean
dat my de wacht oansei
fan lange oeren yn de nacht;
ik libje noch, mar op ien skonk
om’t elk yn myn besittings klaut,
sels nei it húsrie en myn klean,
yn ’t neaken stiet it libben faai,
ik stean foar eigen keunst op wacht.

Jim wolven, ‘k ha noch stân en stok
dy’t falle bûten it fallisemint,
en ek myn iennichst flinke fint,
foar him it lok, foar jim de flok!

Dêr sit er dan yn muontsepij,
mei ienfâld sa fertroud
dat hy ’t bestean al jong ferstiet,
’t ferskil fan nacht en dei
mei my, al ier op fammejacht;
ik libbe rij, hy bliuwt yn ’t lij
fan wat de jonkheid ryklik jout,
dus sjongt er foar my from syn liet
posearjend, sa is hy my nei
en stiet foar ’t eigen heil op wacht.

Image

* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘Selsportret mei stok’
Skilderij ‘Titus yn muontsepij’
eit h

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum