Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Fiskerseagen

Keunst
PDF Print E-mail
fan Claude Monet*

Image

As de see de kym sjen lit,
de wolken baaie yn de sinne,
’t weaget mei in wite kraach,
dan is ’t foar fiskers grif gjin fraach
om ’t deistich brea te winnen.

Image

Hy sjocht de see mei eagen oan
dy’t glimkje fan it fiskjend farren,
’t weaget yn syn dreamen nei
en as de nacht rint nei de dei,
dan sil it rap wer barre.

As de see de kym beslacht,
de wolken jeie oer de weagen,
dy’t ferslaan yn stoarm en skom,
dan tinkt er oan dy ramp werom
en hat de dea foar eagen.

Image

* Claude Monet (1840-1926)
Skilderij ‘Riffen by Belle-‘le’
Skilderij ‘Poly, in fisker út Belle-‘le’
Skilderij ‘Stoarm by Belle-‘le’ 

admin

Model

Keunst
PDF Print E-mail
fan Magnus Enckell*

Gjin better plak as bosk en fjild
dêr’t alles bleat leit foar it each,
natuerlik is it libben:
beammen rûzje net om jild,
it gers groeit heger as de pleach
fan krisissen yn ’t deistich libben.

Image

Dêr leit er suver neaken op
it gers, noch jong en dan al faun,
natuerlik is syn libben;
mei it read op pyl en kop
is hy de fjildgod en de clown,
model foar elk oan him besibbe.

En fierderop leit hy, syn maat,
foaroer yn ’t neaken op in stien
te sjen, it kin net misse:
’t is syn lichem en syn aard
as god, mei ’t byld foar altyd ien,
’t natuerlik libben fan Narcissus.

Image

* Magnus Enckell (1870-1925),
in Finske keunstner,
kin beskôge wurde as de liedsman
fan de koloristyske skilders.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum