oktober 26, 2023
fan ûnbekend*
Ezechiël
It riedsel, troch de Hear ferklearre,
oer twa fûgels as in earn sa grut,
ferhelle fan ’t massale stjerren.
De foarst fan Babel wie de earste earn,
hy hat de kening fan Jeruzalem
en al syn hege hearen meifierd
nei syn eigen lân, dat ta in wyngerd
waard: it folk is romte bean.
De foarst fan Babel sette op ’e troan
in ûnderkening yn Jeruzalem
om sa mei him oerien te kommen
dat ek Sion ta in rynske wyngerd
waard, mar falsk klonk dêr de toan.
Egyptes farao, de twadde earn,
dêr woe de ûnderkening wol op ta
om Babels kening te ûntrinnen,
mar gjin wyngerd kaam ta bloei yn Sion,
oantaast waard syn wif bestean.
In twiich wurdt plante troch de Heare
op ’e heechste berch yn Israel,
dy seder sil it needlot keare.
* Foto ‘Seder’
oktober 25, 2023
fan Francisco de Goya*
Tantalus,
de goaden ha syn hannen bûn,
hy kin net by it fruchtfleis komme,
ek syn toarst wurdt net ferslein,
syn langstme wurdt him wreed ûntsein.
Tanita,
sy is slop op syn knibbels lein,
mar net om daliks by te kommen,
oan it needlot is sy bûn,
itselde is him straffend jûn.
Tantalus en Tanita,
de ien is oan de oare bûn,
mar sûnder by elkoar te kommen,
harren lijen ken gjin ein,
it hat grif oan syn langstme lein.
* Francisco de Goya (1746-1828)
Yllustraasje ‘Tantalus’
Print 9 út ’e searje ‘Los Caprichos’