Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Op Hurdsyldei

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Se wolle it wol witte
dat Akkrum is har domisylje
en Marieke fierwei favoryt
op skoalle, swimme komt nei ’t switten,
wat mei ABC wol giet,
mar hjoed leit elkenien te pitten.

Se hawwe west te stappen
en koene yn it bier wol swimme,
Snitser pils wie fierwei favoryt
fannacht, ien sei se moasten kappe,
mar men wit wol hoe’t soks giet,
yn Akkrum hie gjinien noch gappe.

Marieke woe noch skriuwe,
it ABC koe sy fan bûten,
mar gjin skoalle wie har favoryt,
sy woe fannacht wol binnen bliuwe,
want it stiet dêr swart op wyt,
dus wêrom noch net ientsje priuwe?

admin

Gouden Snitswike

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Hoe sierlik binne krollen
fan stedhûs en liuwehier,
lit dan de boargemaster sprekke,
want syn rop klinkt withoefier
oer wrâldrekords dy’t brekke.

Stêd Snits hat goud yn hannen
mei tsien dagen festival,
sa liet de boargemaster witte,
want it blinkt sa’t elk it wol,
de glâns komt fan it switten.

It goud blinkt yn de flesse,
moat der uteraard ek út,
oars giet de rom net oer de ierde;
streamt de blaas leech ta beslút,
dan kin Snits dat ek biede.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum