oktober 28, 2023
fan ûnbekend*
Ezechiël
De Heare hie in skerpe fraach:
‘Hoe komme jimme yn godsnamme
oan it sprekwurd alle dagen wer:
de heiten hawwe soere druven iten,
stroef binne no de tosken fan de bern?
In man dy’t rjocht troch ’t libben giet,
hy hat by God in goede namme,
sprekt him streekrjocht út en bliuwt bestean.
Mar hat de man in soan dy’t graach
it kweade docht, hy wurdt beskamme,
syn bestean wurdt wei, wat sprekt fansels.
No krijt dy man ek wer in soan,
hy skammet him foar heit syn namme,
docht gjin kwea, ’t sil him as pake gean.
In man dy’t kromme paden gie,
mar him foar al syn dieden skammet,
syn bestean feroaret, wurdt net wei.
Mar leit in man fan rjocht it oan
mei ’t kweade, hy ferliest syn namme,
dy’t God oanspriek, mar no ivich swijt.
* Foto ‘Druven’
oktober 27, 2023
fan Martin Johnson Heade*
De kamera leit bylden fêst
fan ’t lânskip wêr op ierde ek,
sa wurdt de werklikheid werjûn;
it skilderseach heint bylden op
fan ’t lânskip sûnder fêst te lizzen,
mar set geast en hân oan ’t wurk,
fêst hat sa’n byld wat mear te sizzen.
Lit Johnson Heade syn gong mar gean,
hy klimt net by de bergen op,
mar hat it each op ’t plattelân,
de greiden oan de eastkust fan
Amearika, dy’t iepen lizze
foar it each, safier’t dat rikt,
hy lit syn byld syn wierheid sizze:
Sjoch hoe’t de himel en it fjild
harmoniearje troch it ljocht,
dat mei syn strielen ’t fjild optilt.
* Martin Johnson Heade (1819-1904)
Skilderij ‘Newburyport Meadows’