Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Djoere plicht

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De trije hearen binne klear,
ha earst har djoere plicht wer dien:
sie foar in nije generaasje,
no docht de kop har net mear sear,
se hawwe wrotten foar de naasje.

Oranje boppe, sa’t it moat
foar lykwicht yn in nij bestean,
fan djippe skamte is gjin sprake,
fertsjinne is it swarte lean,
meikoarten binne sy sels pake.

En wat de takomst bringe sil,
sy dûke harren oandiel op
en bringe ’t frij-út op it droege,
de sturt is heger as it bil,
it sie wurdt troch it neiteam woegen.

admin

Nij regear

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image
Net te tellen triedden
hingje foar de eagen, want de wrâld
koe lang gjin sprekken lije
yn de tiid nei it begjin,
doe’t Kaïn hufte Abel dea
en Lamech makke noch mear kâld,
Napoleon hie letter gjin
begrutsjen mei soldatelea
en Hitler moarde mannichfâld
om’t Kaïn ’t bruorrebloed al siedde…
wa soe as wylch net treurje
om de deaden sûnder sin?

Net te tellen binne
dieden fan de lytsen yn de wrâld
dy’t grutte wurden mije
yn de tiid fan it begjin:
de omslach nei in nij regear,
in Abel dy’t fan dieren hâldt,
in Ruth dy’t sikers liede kin
en Age stiet foar flechters klear,
dan Rinskje, warber hoewol âld,
want alle dagen riist de sinne,
dan sille triedden fleurje,
sels de deaden krije sin.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum