Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Net swart-wyt

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Solo rint er troch de greppel,
swart mei inkeld wyt de blês,
de markol, fûl yn elke striid,
brûkt foar himsels de measte tiid,
sjocht mei in gnyske nei de rêst
fan swannen, neat foar him… in keppel!

Keppel? Duo moat er sizze,
mar hy sjocht it net swart-wyt,
as ’t swannestel it wurd mar snapt
wat hy dêrûnder ek beflapt,
gjin keppel bern sa’t soks faak giet,
lit dus it duo mar stil lizze.

Duo? Dat wie foar de aaien,
willetiid foar feint en faam,
mar ’t guozzestel is no beset,
tiid foar elkoarren is der net…
advys om distiid oer te slaan?
De swannen binne te bekleien!

Image

admin

Spoare

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Gjin spoar mear fan ’t ferline
doe’t der groeven waard om grûn
foar ’t hege spoar
om stêden te ferbinen.

De winter lûkt noch spoaren
yn ’t Spoardok mei ’t deade reid,
mar sterker komt
de maitiid al nei foaren.

De oergong tusken beide,
dok en spoar, stiet fol yn bloei,
der is gjin spoar
mear fan ferline reiden.

De reizger sjocht it oare:
wizertikken yn it rûn,
de trein dy’t komt,
it moat it jier troch spoare.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum