Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Lea en geast yn rêst

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

In wike letter rûn ik wer
by alle Snitser grêften lâns
om fan de spanning by te kommen,
dat beide rekken yn balâns,
de lea en geast… sjedêr!

Ynienen stie ik stokstiif stil
mei ’t each op fierder, wat dêr lei…
fergetten om dat op te romjen?
Ik moast wol trochgean, want de wei
rûn troch, sa sei myn wil.

It gie hjoed net om earst of lêst,
lavearje of de skoaten oan…
wat koe dat my noch langer bomme!
Dêr lei in minske fan ‘e moarn
mei lea en geast yn rêst?

It wie in keardel as in beam
mei Gaastra as reklamemaat,
ik seach dernei, alhiel ferstomme;
de spanning soarge dochs foar praat…
hy sei wat yn syn dream.

Image

admin

It hat west

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image
It hat west, al jierren lyn:
in boerepream foar it ferfier
fan weiden hea en keppels kij,
it koe der allegearre yn,
de boer wie mei de boom yn ’t spier.

It is wier, hy wie der wer:
de boerepream foar ûnderdak
foar stappers dy’t de nacht foarby
yn koma lizze hjir en dêr,
wat kin it skele op hok plak.

It hat west, gjin pream te sjen,
it wetter is foar it ferfier
fan massaguod, feroarjend tij
fan doe nei moarn, gjin dei ferlern,
in wike is net foar ’t fertier.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum