Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Trimmodel

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Bewege, dus elk docht syn bêst
om troch de dei te trimmen;
moarns bin ik al op ‘en paad
om los te kommen, ’t hat in aard,
mar de steiger leit boutfêst.

Image

Ik rûn deroer, foarby in sleat,
mar hie gjin sin oan swimmen,
wiet fan swit wie my wol goed,
it gie om ’t streamen fan it bloed,
wetter like my hjoed neat.

Ynienen bleau ik stokstiif stean,
der wie noch ien oan ’t trimmen
op in tûke yn de draai,
yn lykwicht rûn de kikkert mei,
konsintreard fan kop oant tean.

Image

Doe seach it dier my blauwich oan:
dus do woest hjoed net swimme…
mei in bom sprong hy deryn,
de spatten fielden as fenyn…
no mar fierder, miskien moarn.

admin

Ljochtsjend teken

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Der binne fêste streken:
skieding tusken wiet en loft,
ek tusken blau en grien…
hoe lang hat hy yn ’t lânskip stien
foar ynspiraasje? Faaks in skoft
of sloech it ljochtsjen yn as teken?

In teken dat him rekke:
skieding tusken twa kear ljocht,
de kym om oer te gean…
oan diskant bliuwt er leaver stean,
om’t ynspiraasje derta brocht
de eigen kimen oer te stekken.

It skaad falt oer de eagen,
want it ljocht komt djipper wei
foardat it doek it heint,
it rûnom slagge tinten reint,
wat is it teken fan de dei,
dat strieljend yn de keunstner weage.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum