Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Tripmystearje

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De wittenskip wol ha
in peal is mar matearje,
wat earst libben wie, gie dea,
objekt, hâldfêst en sa
en rûnom sichtber yn it gea.

Image

De mar is wider as
in pealkop… is it tafal
dat it libben dêrop groeit?
It komt de beam fan pas
dat rûnom útsicht altyd boeit.

In peal is altyd mear
as peal, in grut mystearje
foar de hiele wittenskip:
de basis foar in fear
mei útsicht op ‘e heechste trip.

Image

admin

Sail Snits

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It falt yn ’t skaad by ’t megabarren,
mar it heint de earste sinneflits
op hichte yn de mêst;
it tsjûget fan it silend farren
oer it Fryske wetter sûnder rêst,
sjoch hjoed begjint Sail Snits.

It falt wol op, de trije mêsten
mei it touwurk foar de hege wyn
op see en oseaan;
se hearre ta de alderlêsten,
tsjûgje fan de tiid fan tar en taan,
mar hjoed… Sail Snits giet yn.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum