Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Ald patroan

Keunst
PDF Print E-mail
fan Philipp Otto Runge*
fan Sir Joshua Reynolds**

Image

De wrâld fan sinneblom en karre
loek de trije glimkjend oan,
foarsichtich by it stekje lâns,
yn kreaze klean, deselde toan
as heit en mem, mei hannel sparre.

De lytse dikke is it sintsje,
grypt nei ’t blêd, noch ûnbewust
fan wat it libben biedt oan kâns;
de griene krobbe ropt: ‘Wat must,
kom op mei trije pipermintsjes!’

De âldste yn de kreaze jûpe,
memmekar, ek har patroan,
hâldt broer en suske yn balâns;
se sjocht it spul mei wifel oan,
want út ‘e karre klinkt: ‘Ik poepe!’

Op ôfstân skôget hy it barren
mei de hân heech oan de stok,
yn steatlik brún, gjin bûnte Hâns,
in spul fan karre mei in bok,
hy is yn ’t adeldom bedarre.

Image

* Philipp Otto Runge (1777-1810)
wie ien fan de wichtichste skilders
fan de Dútske Romantyk.
Skilderij ‘De bern fan Hülsenbeck’

** Sir Joshua Reynolds (1723-1792)
hie grutte ynfloed op ‘e Ingelske
skilderkeunst.
Skilderij ‘Jonge yn it brún’

admin

As patriot foar god

Keunst
PDF Print E-mail
fan Viktor Vasnetsov*

Image

Sjedêr de helden fan de fierste grinzen
fan ’t ûneinich Russysk ryk,
dat skôge nei de tsaar as god,
sy kearden de Sinees en Gryk,
yn bûnt ferskaat dochs patriot.

Sy skôgen fier en hiene oars gjin tinzen
as de fijân, hâld him tsjin,
want dravend sjen wie ’t heechste lot,
it bûnt ferskaat hie inkeld sin
om’t Ruslâns tsaar wie harren god.

Tsaar Alexander seach oer fiere grinzen,
want gjin ein kaam oan syn macht,
ferstive oan de ein as byld, syn lot
wie lykas Bogatyrs op wacht,
hy stie foar god en patriot.

Image

* Viktor Vasnetsov (1848-1926)
Skilderij ‘Bogatyrs’
Monumint ‘Tsaar Alexander III’ 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum