Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Boppe depresjes

Keunst
PDF Print E-mail
fan Johan Christian Dahl*
fan Caspar David Friedrich**

Hy siet faak yn de lichte
fan depresjes, ’t foel him swier
om út ‘e put te klimmen,
reuzen te ferslaan, yn ’t spier
te kommen foar de hichte.

Image

De reuzen mei de spieren
fan de seeliuw riisden op
om him wer tryst te stimmen,
mar hy stribbe nei de top,
de striid tsjin wylde dieren.

Dêr stie er boppe dize,
tusken ierde en de loft
mei rûnom fiere kimen,
toppunt yn it koarte skoft
fan nei de hichte rize.

Image

* Johan Christian Dahl (1788-1857)
wie in Noarske skilder, dy’t him
spesjalisearre yn lânskippen.

** Caspar David Friedrich (1774-1840)
skildere wat foar eagen wie
en út it inerlik wei.

admin

Gryk en Joad

Keunst
PDF Print E-mail
fan Rembrandt*

De minske hat it byld foar eagen,
fan himsels yn ’t foarste plak
en fierder fan de grutte man,
hy libbet op ‘e weagen
fan it wurd, de rom op ’t heechste flak
en leger docht er yn de ban.

Image

Dêr stiet er mei it byld foar eagen,
Aristoteles, de Gryk,
de waarme hân op ’t kâlde hier:
‘Homerus, ’t is gjin leagen,
wy Griken binne oan it byld gelyk
fan wurd en witten, stjerrend wier.’

Dêr sit er, wat syn eagen seagen,
hat er opslein yn it moed,
de joadske griisburd fan it Wurd:
‘Myn libben gie oer weagen,
de iene flak, de oare as in floed,
mar ’t byld wie nea foargoed de put.’

Image

* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘Aristoteles mei in boarstbyld fan Homerus’
Skilderij ‘Portret fan in joadske griisburd’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum