Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Nei it haatskot

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Hoewol’t it dei wurdt, bliuwt it nacht
en stûkje banen op healwei,
dy’t sykje nei it fertikale;
de sinne mist hjoed alle macht,
de finsters flústerje ferhalen.

Gjin finster hat de kûgels keard
doe’t oare lûden rekken wei
en ’t swarte stoarme troch de poarte;
wa’t foel en ’t flakke kleuren read,
’t wie as de duvel dêrmei boarte.

Gjin ierdske duvel wurdt sa licht
dat hy al swevend giet de wei
nei bleate fammen yn de poarte;
syn stof wurdt wei, komt nea yn ’t sicht,
dy geast hie dêr net wêze moatten.

Dy oare geast stiet op en ropt
de dei wer út it tsjuster wei,
de rop dy’t klinkt yn alle talen:
de frijheid set it haatskot stop,
stim, folken, mei yn har ferhalen.

admin

Bysûnder

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Hjoed is it wol bysûnder,
hoewol’t se alle dagen komt
om, ja wêrom… wa sil it sizze,
want de trapers binne stom,
in fyts leaut net yn ’t wûnder.

Se giet net foar it drinken,
hoewol’t de flesse nêst har stiet,
har sitten is net út te lizzen,
want de bank sjongt net in liet
om kleare wyn te skinken.

De mist bliuwt hjoed lang hingjen,
hoewol’t de himel kleuret blau,
mar soe it oan har hier dan lizze
dat sy hinget oan it grau
yn plak fan hjoed te swingjen?

It swurk sil it grif witte!
Tegearre mei wat ûnder is,
kin ’t wûnderlik de wierhied sizze:
wa’t bysûnder sjocht, is wis
fan ’t eagjen nei de fierte.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum