Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Mar ferjamme!

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Hoewol’t de trie der net mear is,
stiet hy wol yn ferbining
mei greide, Grienedyk en mar,
is fan syn eigen libben wis
fanwege grutte ûnderfining.

De greide kin ‘k net folle mei,
in flakte om te sprinten,
de hazzen nimme dy foar kar
as eigen griene brede wei
mei withoefolle fan har printen.

De Grienedyk krij ik yn ’t sicht,
yn ’t griis in frjemde namme,
foar hazzen is ’t in lange wei,
ferbline, dan de eagen ticht,
read flokt mei griengriis ûnbeskamme.

Jou my dan mar de Snitser mar,
foar Sneek in frjemde namme?
Ik dûk nei fisk, in foarn of blei…
bin ik mei nammen yn de war?
De hazze leit dêr dea, ferjamme!

Image

admin

Prottermystearje

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Se sitte op it minskewurk,
it krús fan izer en de hoanne,
kuere nei it kleare swurk
en ’t ôfskie fan de moanne.

De protters skite op it goud
en koarje op it saaie izer,
minsken hawwe smeid en boud,
mar fûgels binne wizer.

Se mije net wat makke is,
it útsicht noeget om te sitten,
elk is fan it keunstwurk wis
en sil dat witte litte.

Want as dat wurk troch ’t beamguod brekt,
dan klinkt it tsjotterjen fan protters,
’t koar dat lûd de gek oanstekt
oan alle ierdske wrotters.

It goud dat yn de midden blinkt,
jout oan it krús syn foarm en strielen;
sjoch hoe’t dat mystearje winkt:
kom, protters, om te dielen.

Image
 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum