Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Spul

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It spul giet hinne en komt wer,
lykas de touter oer it wetter,
de alderheechste is de stjer,
de wolk docht it hjoed better.

In wolk fan bloei driuwt oer de feart,
in dûbel wûnder troch de spegel,
foar lytsen is ’t in spul fan neat,
sy boartsje yn de regel.

De regel foar de grutten is:
de âlde stam leit der sa hinne,
wat wer komt, is fan ’t bloeien wis,
it spul fan rein en sinne.

Image

admin

Apart appartemint

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Hoewol’t de greide is syn plak,
hat hy foar ’t sicht de hichte socht
foar gaadlik ûnderdak,
lykas in stedsappartemint,
omdat er minder maklik fljocht,
it leafst op ’t suden in balkon,
want hy is oan de sinne wend…
mar is de flier fan hurd beton?

Sy sit al dagen ûnderdak
op tûkjes yn de delte socht,
der is gjin better plak
foar ’t jonge memke yn de kream,
in kwestje dat it maklik fljocht
foar bern fan dizze hichte ôf,
’t appartemint as yn in dream,
beton bringt har net yn it nau.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum