Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Fernije

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Wa sil de wrâld fernije
fan de lange winterdei,
fan stâlen, yn de stoarmen faai,
it sie sil faasje krije.

De wyn sil it befrije
fan de stâlen, fan de dea,
de geast waait siedzjend oer it gea,
wa kin noch langer swije?

Fertel fan al it lijen
troch de helske herten brocht,
dy’t bûgden, brutsen wat wie rjocht,
lit har de stilstân krije.

Dan sil de wrâld fernije,
bloeie maitiidsdagen op,
in bern sjongt mei de dowerop
en pubers stean te frijen.

Image

admin

Klant fan ûntlêsting

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Hy hat fan havens gjin ferlet,
strykt del op wêr’t er útsicht hat
op wat er ek mar gripe kin,
hy fret en skyt, soks is sa bard,
fielt him te goed foar ’t folkstoilet.

Hy stelt him op as pommerant,
syn skreau is foar de oaren wet,
strykt op wat er mar pakke kin,
foar lúkse skammet er him net,
is fan ûntlêsting fêste klant.

De haven mei it folkstoilet
en mei de regels op papier
is foar de fûgels koart fan wjuk,
it hiele jier foar him yn ’t spier,
ek noch belêste neffens wet.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum