Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Oer brutsen skulpen

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Ornaris is it tempo stadich,
want hy nimt syn hûs ek mei,
sadat de swierte him wjerhâldt,
dus krûpt er glidend troch de dei,
foar dravers eigenaardich.

De dravers springe der oerhinne,
om’t se neat mei skulpen ha,
in brutsen skulp lit harren kâld,
dus stampend giet it der oan ta
by wa’t allinnich rinne.

De slak fernimt it fiere dreunen,
heart it knappen op it paad,
ferstivet as by stowend sâlt,
wat yngiet tsjin it eigen aard
en útrint op in kreunen.

Hy is oan ’t eigen hûs ferplichte
om te dwaan wat er noch kin,
in rotseilân is syn behâld;
mei slakkegong is hy ferlern,
mei tempo op ‘e hichte.

admin

Nei miuw Jorrit

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Al lang wie ’t eilân drok beset
fanwege ’t mannichfâldich brieden
op aaien freegjend om mear tiid,
wat skaaide nei in fêste wet,
’t belied wie tuike tuike liede.

Miuw Jorrit kaam mei syn berjocht
fan fuort, hy koe it better krije
as op it eilân, ’t waard syn tiid
en boppedat hie hy syn nocht,
it wie mei ’t brieden faakris lijen.

It eilân rekke yn panyk,
it waard derboppe fleanend krieze,
de aaien rekken út it each,
miuw Jorrit naam al gau de wyk,
wa soe dêrnei de nêsten wize?

Fiif miuwen sieten op it stek
en woene it net better krije,
de put wie djip sa op it each,
dus wie in frjemde miuw net gek
as nêstoanwizer, ’t koe wat lije.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum