Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Pedagogysk probleem

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Sjedêr, mei trije sûne bern
ha sy de maatskippij ferrike,
it moat mar sa’t it kin,
sy binne troch de earste wiken.

It koe net sa’t it einliks moast,
in âlderpear lit stekken falle,
dochs binne se der hast,
se kinne mei de snaffel dolle.

Noch ien probleem, de puberteit,
in grutte snaffel ha dy trije
tsjin mem, mar mear tsjin heit,
men soe der pinekop fan krije.

Sjedêr, de snaffel hegerop,
wiid iepen, mient it wol te witten,
de pedagooch syn krop
set op, hy kin it wier net litte.

Image

admin

Alternative racerûte

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De wegen wiene fol mei flitsen
nei de striid op ’t racesirkwy,
it gie mei hûndert troch de bocht,
de motors gûlden, dat mei nocht
die Fryslân mei oan de TT.

It wie opmerklik dat in racer
lûdleas gie syn eigen wei,
fol ynspiraasje binnenyn,
yn harmony mei waar en wyn
naam hy in koerfol racefans mei.

Hy hie gjin lêst fan reade ljochten,
seach op elk obstakel del
en naam de sprong as wie it neat
oer Snitser mar en Houkesleat,
wat makke oare racers kjel.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum