Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Johan en Jezus

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It wie op Wite Tongersdei,
elk siet dy jûns oan ’t miel,
wist by dy tiding tiid noch rie,
in brok bleau hingjen yn de kiel.

Johan syn azem wie derút,
’t klonk as in lêste skot,
it kankerspul as einbeslút,
sa is no ienkear ’t minskelot.

Ferlosser foar de heale wrâld,
sa woe it folk him ha,
syn spul gie troch foar mannichfâld
en ek de hichte yn, no sa…

Ta jiske waard er op Goed Freed,
elk keart werom ta stof;
ikoan, sa hâldt de wrâld him beet
en sjongt yn stadions syn lof.

Hjoed raasde de kommersje troch,
twa stiene stil by ’t krús,
in Jezus wiisde en sei: ‘Sjoch,
Ik bring dy oaremoarn wol thús.’

Image

admin

Op toilet en portret

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Doe’t it earste deiljocht mei
it keunstljocht konkurearre,
rekken alle lampen út,
it teken foar de draai
fan kop nei rûge fearren.

Image

Trije, want der is gjin plak
foar mear op ‘e toiletten
mei toilet as einbeslút,
dus kreas yn ’t fearrepak
rom foar it moarntiidsfretten.

Freegjen stiet de minske frij,
se sjogge op fan ’t tastel,
wolle wol op it portret,
it is foar harren nij,
dus spannend troch it foarstel.

Mei it deiljocht, sûnder flits,
se bliuwe stylfol sitten,
ha fan útstel gjin ferlet…
is alles boppe kits?
Ien lit it skitend witte.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum