Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Einrapport

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It einefolk rûn achterút
ferhellen alle media,
dus rûn it út op ûndersyk:
sloech by de fûgels de fergrizing ta
of die de jerke ’t mei de klút?

Image

De biolooch gie derop út,
fûn yn de ûnderwâl in nêst
mei aaien foar syn ûndersyk;
yn it earste oansjen like ’t bêst,
mar ’t sei net folle oer de klút.

De biolooch sleat noch neat út;
hoewol’t it klútkleed wie swart-wyt,
tocht hy net sa foar ’t ûndersyk,
mar ynienen seach er, wyt as kryt,
de ein, foar ’t ûndersyk de bút.

’t Rapport kaam moannen letter út:
de takomst like net sa min,
albino’s yn it eineryk
joegen hoop, se hiene it nei ’t sin
wie de konklúzje ta beslút.

Image

admin

Fjoertoer yn de reek

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It kin der foar it each net sûnder,
want de stêd leit oan de Houkesleat,
dan is in fjoertoer net ferkeard,
mar krekt oarsom… bysûnder.

It is mei ’t each op ‘e toeristen,
wend oan ’t felle ljocht fan Skiermuontseach,
dêr’t op ‘en doer gjinien nei seach,
om’t sy wol better wisten.

Image

’t is by de Houkesleat, it wûnder
fan de reade fjoertoer yn de reek:
‘Zoiets gebeurt alleen in Sneek!’
Sa is ’t mar krekt… bysûnder.

Sy binne dêr massaal ek kommen,
de fûgels fan de see, mei wjukkeklap
besprekke sy de skjinmakgrap
en skite dat it skommet.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum