Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Spiele nei striid

Keunst
PDF Print E-mail
fan Eise Aetes Ruytenbach*

Image

Dit koe Twellingea wol wêze
of oars Earnewâld of Grou,
gjin skip kin dat fertelle,
swijend sitte man en frou
en oan de iepen kroech
is ’t ek net ôf te lêzen.

’t Sigentsje lit skûten driuwe
nei de wedstriid op it wiet,
wylst ien syn priis al telle
kin: as earste oer de miet;
se ha noch foar de boech
it feest om nei te bliuwen.

’t Slepen mei de folle fetten
is gjin muoite mei it sicht
op ‘lit ús jûn net telle,
folle net genôch, ús plicht
is spiel mar troch wat droech
wurdt, dan de geit fersette’.

* Eise Aetes Ruytenbach (1656-1692)
wie glêsskilder yn Snits.

admin

Sûndebok

Keunst
PDF Print E-mail
fan William Holman Hunt*

Image

’t Is net it Deade See sâlt
dat him yn de poaten byt,
mar wol dat hy allinnich stiet
yn dizze godferlitten wrâld.

Hy wie fan ’t jier de bok,
tegearre mei syn maat,
wat lei oan ’t sûndich minske-aard:
de sûndebok of oars de flok.

Syn freon kaam yn it fjoer,
it offer oan Jahweh,
mar hy mocht rinne, tankebè,
syn poaten hiene rêst noch doer.

Hy krige ’t read as kroan,
it teken fan it bloed
dat floeie moast, op ’t alter hjoed
en dat fan him miskien wol moarn.

De bôge jout gjin hoop,
ferblikke troch it sâlt,
it is wol wis, hy wurdt net âld,
op nei dy kop, syn lêste loop.

’t Is net it Deade See sâlt
dat him yn de poaten byt,
mar wol dat hy allinnich giet
yn dizze godferlitten wrâld.

* William Holman Hunt (1827-1910)
makke earst religieuze skilderijen,
dêr’t er foar nei bibelske lokaasjes gie.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum