Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Dwerch tusken reuzen

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

Rocky Mountains en  Great Plains,
se komme fan twa kanten,
út it westen en it easten wei,
kin Saint Mary Lake de bergen keare?

Wêr leit yn de mar de grins
dy’t oanjout hjir net fierder,
reuzen, want it wetter rekket wei
as jimme op inoarren botse.

Sjoch wat yn de midden leit,
it is it Wild Goose Island,
wylde guozzen rêde har dêrmei,
sy kinne reuzen maklik keare.

Mar wa’t hjir de septer swaait,
is lytser as de reuzen,
’t eilân slacht dêr ek syn slach wol mei:
de sympaty fan alle skôgers.

* Foto ‘Saint Mary Lake yn Montana’

admin

Wolnee, it is net oars

Keunst

fan Caspar Netscher*

Jawis, hoe soe it oars,
de kaam moat troch de krollen,
lit it boartersguod mar lizze,
de kat rêdt him dêrmei…
it bern jout wol om sizzen.

Wolnee, sy tinkt net oars
as om har eigen berntsjes,
beide mei de langste krollen,
sy rêdt har dêr wol mei…
wêrom soe sy oars wolle?

Jawis, sy hat oars wol
heard fan de bern op strjitte,
fierderop ferwûne lizze
of slim genôch foar dea…
wat moat sy dêrfan sizze?

Wolnee, it is net oars,
men kin net alles witte,
soe it leafst foar bern oars wolle,
want deadzje wol men net…
wa krijt soks yn de holle?

* Caspar Netscher (1639-1684)
Skilderij ‘Memmesoarch’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum