Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Hel of himel

Keunst
PDF Print E-mail
fan Viktor Vasnetsov*

In fûgel slacht de wjukken út
en riist fier boppe ’t minskeryk
dat eaget as wie ’t sletten,
mar de fûgelwrâld ûntslút
geheimen, driuwend op termyk.

Image

Dêr strykt de fûgel Gamajoen
klapwjukkend op syn tûke del
en skuort de eagen iepen,
want de jefte is him jûn
te skôgjen hegerop en del.

Foar eagen komt him earst it swart
fan Sirin mei de holle del,
ferslein de beide wjukken:
‘Dizze fûgel hat gjin part
oan ’t libben, ik foarsis de hel!’

Dat is net wat it minskdom past,
dus krijt de fûgel Gamajoen
in ljochter byld foar eagen,
’t is de fûgel Alkonost:
‘De himel is de minske jûn!’

Image

* Viktor Vasnetsov ( 1848-1926)
Skilderij ‘Gamajoen, de profetyske fûgel’
Skilderij ‘Sirin en Alkonost, fûgels fan fertriet en freugde’

admin

Eigen model

Keunst
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

Image

Strûp út de klean, it boppekleed
it earst en dan de skouderdoek,
want daliks sil it heve,
lit sakje ek de ûnderbroek,
de slang is jim model,
ik hâld him beet.

Jim stean no yn it bleate fel,
kom op, glyd hoeden nei elkoar,
hâld del jim hurde koppen,
pak fêst, dêr binne kloeren foar,
wa’t earst leit, is de lul,
ik sjoch en tel.

Strûp út de klean, mar net folslein,
jim bliuwe yn bikiny stean
mei diskus en gewichten,
emansipaasje is jim lean
mei ’t eigen gymmodel,
de grins ferlein.

Image

* Fresko ‘Wrakselers’
(sirka 520-530 foar Kristus)

** Mozayk ‘Gymnasten’
(sirka 375 nei Kristus)  

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum