Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Gatse en Ganymedes

Keunst
PDF Print E-mail
fan Rembrandt*

Image

Der siet in kop op, waard der sein,
sa jong oft Gatse wie,
liet hy syn fûsten sjen,
de smycht hie beppe slein.

Neat hied er mear fan ’t leave bern
dat op ‘e skurte siet,
mem pakte him sa oan
dat hy it rinne liet.

’t Begûn mei Ganymedes oars,
sa jong oft hy doe wie,
waard hy fan haadgod Zeus
de skinker en de roas.

It leave jonkje en de reus,
in god as pedofyl,
feroarjend yn in earn,
de snaffel en de pyl.

Wat hat it jonkje him doe bean
oars as in waarme striel,
op Zeus syn hege flecht,
waard neat as miich syn diel.

Image

* Rembrandt (1606-1669)
Tekening ‘De ûndogenske jonge’
Skilderij ‘De rol fan Ganymedes’

admin

Omkearde wrâld

Keunst
PDF Print E-mail
fan Jozef Israëls*

Image

It sjit him hjoed wer troch de holle:
omkeard is de wrâld,
want hy as fisker is no by de bern
as heit en mem, sy waard net âld,
it libben is net mear om oan te sjen.

De jonge woe hjoed nei syn mem ta
ûnder ’t houten krús,
dus moasten heit en ’t lytse suske mei,
hy seach de see, syn twadde thús
en hearde tagelyk wat sy him sei:

‘It skeat my faakris troch de holle:
do foargoed op see
en ik as mem moast soargje foar de bern;
betink in fiskersfrou is ree
om beide, dea en libben, oan te sjen.’

* Jozef Israëls (1824-1911)
wie ien fan de earste skilders
fan de Haachske Skoalle.
Skilderij ‘By mem har grêf lâns’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum