Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Goadinne of hoer

Keunst
PDF Print E-mail
fan Titiaan*
fan Edouard Manet**

Image

’t Moat kinne, ’t kreaze neaken,
teminsten as it Venus is,
goadinne fan de leafde,
goaden binne hjirfan wis:
foar ús is sy it beaken.

Sy hâlde op dat beaken
oan, want it skeelt har net in moer,
omdat it giet om leafde:
nee, ús Venus is gjin hoer,
wy sakje wei yn ’t weake.

Mar ’t beaken is feroare
as ’t bleate fan Olympia
mei orchidee en slipper
fize skôgers glimket ta:
soks kin ús net bekoare.

Ek noch in negerinne
mei blommen, no is ’t harren oer,
in wite en in swarte,
beide spylje grif foar hoer:
wêr geane wy sa hinne?

Image

* Titiaan (sirka 1485-1576)
stie bekend as master-skilder,
de earste Fenetiaanske skilder
fan wrâldformaat.
Skilderij ‘Venus fan Urbino’

** Edouard Manet (1832-1883)
waard om syn neakenportretten
beskôge as de beruchtste keunstner
fan Frankryk.
Skilderij ‘Olympia’

admin

Untfearre fretters

Keunst
PDF Print E-mail
fan Max Lieberman*

Image
Se ha nea yn in V-flecht flein,
de fjilden oer as frije snetters,
mar wiene waggels op it hiem
en hiene oars net by de ein
as snaffelje, yn ien wurd ‘fretters’.

En doe’t de waggel net mear koe,
te tsjok en fol fan al dat fretten,
wie ’t mei it luie libben dien,
hy woe wol troch, mar wist net hoe,
koe amper noch in poat fersette.

Hy wjukke yn de hannen fan
de boer, fernaam de nekke draaien,
mar net de hannen fan de frou,
dy joech him plôkjend fiks in wan,
dat keal koe hy de hjitte daaie.

* Max Lieberman (1847-1935)
Skilderij ‘Froulju dy’t guozzen plôkje’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum