Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Hjir stean ik dan

Keunst
PDF Print E-mail
fan Donatello*

Image

Hjir stean ik dan, ik ha it rêden,
neaken, mar mei eare klaaid,
begûn as sljochte hoedersjonge,
dy’t in liuw de wierheid sei,
om dêrnei foar de skiep te sjongen;
roppen út it fjild troch de profeet,
dy’t keningsoalje oer my geat;
ik wie noch jong en ûnbefongen,
mar seach it leger al yn need,
it gie dêr op ‘e kop ferkeard
troch Goliat syn flokkend bearen,
wat my rekke yn it moed;
in stien is yn syn harsens slein,
sa koe ‘k it needlot keare;
mei syn eigen swurd ha ik foargoed
de rûge reus de wierheid sein;
hjir stean ik dan, ik ha it rêden
dat de kweamacht ûnder leit.

Image

Hjir stean ik dan as wie ‘k fertrêde,
delslein, fodzich, bleat fan geast
nei in bestean om fan te skriemen
oant de dei dat foar it earst
ien seach dat ik mysels fergriemde;
roppen waard ik doe troch de profeet,
dy’t oalje op myn wûnen geat,
hy hat my út ‘e delte rêden.

* Donatello (1386-1466)
Brûnzen byld ‘David’
Houten byld ‘Maria Magdalena’

admin

Poere

Keunst
PDF Print E-mail
fan Johannes Franciscus Hoppenbrouwers*

Image

Se moasten út ‘e modder komme,
opdold foar har lêste nacht
foar ’t wrede spultsje oan de trie…
wat koe it dy twa gravers bomme!

Se moasten earst de wjirmen riuwe
lykas kralen oan it snoer,
de liven krommen sûnder macht
en soene net itselde bliuwe.

Se dreauwen oer it glêde wetter
tusken moles nei it reid…
dêr sitte se mei stôk en poer
of komt de iel in oere letter?

Se komme yn it wiet telâne,
tweintich wjirmen oan in trie,
’t giet op en del, gjin fanger kleit,
de iel byt ta, glydt oer de râne.

Se treffe it mei al dy fette,
kronkeljend yn eigen slym,
’t wurdt ljocht, se binne út ‘e rie,
de iel ha alle wjirms ferfretten.

* Johannes Franciscus Hoppenbrouwers (1819-1866)
skildere meastal romantyske lânskippen.
Skilderij ‘Fiskers op in polderfeart by jûn’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum