Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Wêrom yn maart net?

Keunst
PDF Print E-mail
fan Andreas Schelfhout*
fan Nicolaas Baur**

Image

Jawis, it hâldt, se ha ’t besocht,
in foet derop, dan fierder rinne
nei de oare kant
en rap de redens ûnder,
in lange streek, sjêder streekrjocht…
wêrom soe ’t yn maart net kinne?

’t Giet oan, hjoed by de Aldehou,
beret, sa’t Fryske froulju binne,
yn de ûnderbroek;
in riderij foar wûnder,
in koarte streek, in fûle klau…
wêrom soe ’t yn maart net kinne?

Image

De Aldehou fertelt ek mear:
de striid om ienris noch te winnen
by de stêden lâns,
dêr kin in Fries net sûnder;
sa streekje riders foar de ear…
wêrom soe ’t yn maart net kinne?

* Andreas Schelfhout (1787-1870)
Skilderij ‘Winterlânskip’

** Nicolaas Baur (1767-1820)
Skilderij ‘Frouljusriderij yn  Ljouwert’

admin

Ryk fersierd

Keunst
PDF Print E-mail
fan Mariano Fortuny y Carbó*
fan Berthe Morisot**

Image

De sakristy is ryk fersierd
mei allerhande ornaminten
boppe boek en skilderij
lykas de tsjerke biedt
oan ’t godsfolk, hjoed mei rinte.

De riken hawwe rynsk al jûn,
de tsjerke troch de ieuwen droegen,
dat de rinte komt werom
foar twa foargoed ferbûn,
de hân wurdt set troch tsjûgen.

Elk is werkenber oan de dracht,
de âlders, dames, bollefjochter,
de marine-offisier,
in sakristy fol pracht
en priel… wêr is de dochter?

In hantaast noch yn ’t hege hier,
sjedêr de jonge boarne fan it libben,
hjoed it feest en oer in jier…

Image

* Mariano Fortuny y Carbó (1838-1874)
wie ien fan de belangrykste
Katalaanske skilders fan de 19e ieu.

** Berthe Morisot** (1841-1895)
moast har as froulike skilder bewize
foar har rike famylje oer.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum