Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Foarby de gatten

Keunst
PDF Print E-mail
fan Charles Degroux*

Image

De tsjerkeklokken hawwe let
en roppen ’t folk fan hein en fier
om God de Hear te smeken
foar it deistich brea en bier,
mar wa’t net rap rint, komt te let.

Bliuwt ien sitten op syn gat,
him giet foarby de Heare God.

De boarger komt ek foar de stêd,
want sûnder hannel kin it net,
dat God de Hear moat skinke,
elke stedsjer wol wol sêd,
mar wa’t net rap rint, komt te let.

Bliuwt ien sitten op syn gat,
him giet foarby de Heare God.

Sy meitsje by de doar muzyk
mei slaande tromme en de fluit
om oars net as wat sinten,
mar se krije noch gjin duit,
want wa’t net rint, wurdt ek net ryk.

Sit elk daliks op syn gat,
dan giet foarby de Heare God.

* Charles Degroux (1825-1870)
wie in realistyske skilder,
dy’t him letter talei op histoarjestikken.
Skilderij ‘Beafeart nei Diegem’  

admin

Gleone blaas

Keunst
PDF Print E-mail
fan Léonard Defrance*
Image

As ’t izer gloeit, dan kin men smeie,
want dan streamt it as it bloed
troch ’t hert dat iepenstiet,
sa’n waarmte docht de minske goed
en kin noch oeren sprekken lije.

De wurkers skreppe om it libben,
steane swittend ticht by ’t fjoer
en sa ferglydt de tiid,
it lean is leech, it izer djoer,
jûns gloeie troch de hûd de ribben.

De sjoggers steane fier fansiden,
krije útlis fan de baas
sa’t soks by ’t smeien giet,
de hjitte slacht har op ‘e blaas,
dat daliks litte se it glide.

* Léonard Defrance (1735-1805)
skildere foaral portretten en sjenretafrielen,
ûnder oare fan de yndustry yn Luik.
Skilderij ‘Ynterieur fan in jitterij’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum