Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Rie foar op stap

Keunst
PDF Print E-mail
fan Michael Sweerts*

Image

Hy hat him kreas ferklaaid
mei attributen foar de sier
dy’t by syn wêzen hearre:
in halsdoek mei oranje,
passend by syn krollich hier,
in bêzje mantel, nee, hy draait
der net omhinne, rap op stap,
de sjerp fan goud as franje.

Mar ho, want dêr stiet sy,
dy âlde tange fan in wiif
sil ’t mei har praat bedjerre,
op ’t hier in floddermûtse,
passend by it sloppe liif,
fan hier is ’t kin ek lang net frij,
it is altyd deselde grap,
se sil der wol yn bûtse:

‘Myn jonkje, harkje goed,
ik sjoch, do giest op fanmmejacht,
it is by my mislearre,
ik hie ’t gau yn de gaten
hoe’t de jonges mei har dracht
my taasten yn it frouljusmoed,
ik draai der net omhinne: hap
net ta, stap nei dyn maten.’

* Michael Sweerts (1618-1664)
Skilderij ‘Jongeman en âlde frou’

admin

Eigen koers

Keunst
PDF Print E-mail
fan Gerard ter Borch*

Syn heit wol dat er skriuwen leart
om hegerop te kommen
nei it grutte kapitaal,
dus rekkenje is net ferkeard,
in advokaat hat mear oan taal,
mar dolle dogge dommen.

Syn mem hat him it leafste kreas,
de skieding yn de midden,
beide siden sûnder lûs,
in skjinne skoech, gjin smoarge lears
en flokke past net yn de hûs,
mar wol op knibbels bidde.

Image

Op knibbels hat hy leafst syn hûn,
al kin dy wolris stjonke,
mar syn hier is wyt as snie,
al hat er yn de smoargens rûn
en dolt syn baaske nei in flie…
as kapitaal in bonke.

* Gerard ter Borch (1617-1681)
Skilderij ‘Jonge flieët syn hûn’ 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum