februari 26, 2024
Lit de natoer syn gong gean
fan de winter nei de maitiid,
fan de simmer nei de hjerst,
der hat gjin oare oarder west.
De hjerst krûpt troch de blêden
mei ’t palet mei kleare tinten
om noch efkes kleur te jaan
foardat depresjes har slach slaan.
Lit it reid syn gong mar gean,
nei de groei ree foar it snijen,
dêrnei foar in nij bestean,
it klaait it tek yn tsjokke klean.
Dat it minskdom sparre bliuwt
foar depresjes yn de fjouwer
tiden fan it jier, ’t is reid
dat dûbelop de wierheid seit.
februari 25, 2024
fan ûnbekend*
Lang sil it folk fan hjoed ôf libje,
want diktator Stalin is kroandea,
stean op tsjin alles wat is skyn,
boufakkers, lis jim hammer del
en boeren, slaan jim sichte stikken,
hjoed begjint de opstân yn Berlyn.
Sjedêr de Rus, dy’t brekt jim libben
stikken, Stalins geast diktearret noch
út watfoar hoeke waait de wyn,
de tanks slaan wreed de staking del,
it frije westen lit jim stikke,
hjoed waait oer de opstân yn Berlyn.
Sjoch hjir de Rus, dy’t hjoed de blommen
foar Navalny stikken trapet op
it plein; al is it lang al lyn,
de geast fan Stalin libbet noch
om moardzjend oermacht te berikken,
lykas nei de opstân yn Berlyn.
Lang sil it folk fan hjoed ôf libje
as de twadde Stalin is kroandea,
kom dan oerein en stim mei yn,
it folksliet klinkt, ’t wie net omdoch
dat withoefolle minsken stikten
yn ûnfrijheid, lykas yn Berlyn.
* Foto ‘Folksopstân yn Berlyn yn 1953’