Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Krisisbyld

Keunst
PDF Print E-mail
fan Louis Dubois*

Image

Tink net oan lytse poppen
oan de snaffels foar de reis,
gjin fûgel slacht de wjukken út,
want swier is ’t libben ûnderweis,
dus útstel foar de earste tút.

Se stean op hege poaten
mei de halzen yn in bocht
en tichte snaffels yn mineur
foar ’t lânskip yn it lêste ljocht,
sa fret de jûntiid elke kleur.

Tink dus oan lege memmen
by de fleet, it hâldt gjin stân,
mei tank oan hearen yn majeur,
yn krisistiden út ‘e brân,
mar eiberts bringe kleur noch fleur.

* Louis Dubois (1830-1880)
wie ien fan de earste realistyske skilders
yn de 19e ieu
Skilderij ‘De eiberts’

admin

Egyptes wapenplak

Keunst
PDF Print E-mail
fan Jean-Léon Gérôme*

Image

Wie op ditselde plak de farao
of oars syn generaal
om wapens te bestellen
tsjin it Mozesfolk, bretaal
yn opstân kommen, no
massaal it lân ûntflechte?

Hie op ditselde plak de kalyf stien
of oars syn offisier
om wapens te beteljen,
brûkber tsjin it kristendier
dat Allahs wurd wjerstie,
oer hiel de wrâld it echte?

Mar op ditselde plak brânt no it fjoer
dat lôget fan in haat
dy’t fierder giet as skelle;
’t wurd fan Allah komt yn ’t skaad
as bruorren reitsje oer
en moatte ’t hûs ûntflechtsje.

* Jean-Léon Gérôme (1824-1904)
Skilderij ‘In wapenkeapman yn Kaïro’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum