Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Hingjend fleane

Keunst
PDF Print E-mail
fan Frederik Marinus Kruseman*
fan Ary Scheffer**

It fljocht fol faasje of it hinget,
men sjocht faak mar ien kant,
it fleanen hat de measte fans,
mar wurde strikken spand,
dan sjocht men op it paad gjin mins.

Image

Doe’t blom en ikel beide hongen,
al útbloeid of noch grien,
fleach yn in flits in readboarst oan,
op slach wie ’t mei de wjukslach dien
en fuort waard ek de hege toan.

It fljocht fol faasje of it hinget
of beide tagelyk,
de dea hat lykwols amper fans,
mar wurdt it lichem ta in lyk,
dan fljocht en hinget wat wie mins.

Image

* Frederik Marinus Kruseman (1816-1882)
Skilderij ‘Stillibben mei in dea readboarstke tusken ikeblêden’

** Ary Scheffer (1795-1858)
Skilderij ‘Lenore. De deaden ride mei faasje’

admin

Snarefamke

Keunst
PDF Print E-mail
fan Lord Frederic Leighton*

Image

Se is de jongste fan de ploech,
de harem fan de rike Arabier
dy’t foarkar hat foar readich hier
en yn de lette jûn de oandrift fielt,
hy sparret har, want sy wie slûch.

Oerdei sjongt sy it heechste liet
op bleate fuotten mei in gouden stim,
mar net foar him, foar har as mem,
de frou dêr’t sy har djipst gefoel mei dielt
en dy’t har treast by soms fertriet.

Se kin net ta mei mar ien stim,
dat witte alle haremmemmen skoan,
de snaren jouwe oan de toan
lykas it nachts by har fan binnen fielt,
in resonearjen, net foar him.

* Lord Frederic Leighton (1830-1896)
Skilderij ‘De muzykles’  

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum