Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Priuwe

Keunst
PDF Print E-mail
fan Ramón Casas*
fan Christian Krohg**

Image

Sy woe it libben priuwe
wêr’t se dat mar fine koe,
mei reade wyn en in sigaar,
wat oars soe har noch driuwe?

It preau har minder lekker
dat er hjoed wat oars ha soe,
dan waard er dat noch wol gewaar,
it moast wol stom net gekker!

Se preau en is opskrille
troch syn lûd dat sy werkoe
út tûzen, rûkte syn sigaar,
it libben joech har wille.

Sy wist net mear wat sûnens wie,
hie fan it libben amper preaun,
yn plak dêrfan de medisinen;
de roas, dy’t fan har eagen hie,
mei reade rânen wie har freon
salang’t er net ferkwine.

Image

* Ramón Casas (1866-1932)
Skilderij ‘Famke yn in kafee’

** Christian Krohg (1852-1925)
Skilderij ‘Siik famke’

admin

Wikseljend rêst

Keunst
PDF Print E-mail
fan Vincent van Gogh*
fan Anton Mauve**

Image

Wylst sy de turven hastich loeget,
kroadet hy de lêsten oer it paad
de planke op, sa nei de boppelêst
en derby del, ’t giet sûnder praat,
want beide bodzje… daliks rêst.

Wylst tweintich poaten steane, slûget
hy, syn wachtsjen hat gjin fêste doer
en boppedat, de sit foldocht him bêst,
mar fart de skûte, dan is ’t oer,
syn jagersrop ferbrekt de rêst.

Image

* Vincent van Gogh (1853-1890)
Skilderij ‘Turfskûte mei twa figueren’

** Anton Mauve (1838-1888)
Skilderij ‘Fjouwer jaachhynders’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum