Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Tsjin de reek

Keunst
PDF Print E-mail
fan Claude Monet*

Se hat twa parasols,
it is mar wêr’t se hinnegiet,
in witenien dy’t oansjen biedt,
foar ’t eigen folk in grienenien.

Image

De flaggen jouwe oan
in feestlik barren op it wiet
dat foar de naasje oansjen biedt,
mar ek foar har… in witenien.

Wêr giet it hjoed op ta
mei wolken reek yn plak fan ’t seil,
sy sjocht dêryn gjin inkeld heil,
yn plak fan wyt sa griis as stien.

In kuier mei har soan
en útlis oer wat bloeiend is
en bliuwend, foar it minskdom wis,
fansels past hjir in grienenien.

‘Sjoch nei de wolken, wyt
yn plak fan griis, gjin reek dy’t driuwt,
it is it sinneljocht dat bliuwt,
dus dêrom dizze parasol.

Image

* Claude Monet (1840-1926)
Skilderij ‘Strânterras fan Sainte-Adresse’
Skilderij ‘De kuier. Frou mei parasol’

admin

Hutspôtdei

Keunst
PDF Print E-mail
fan Alexander Hugo Bakker Korff*

’t Ferhaal giet troch de ieuwen hinne:
Leiden, yn ’t ferline hongerstêd
fanwege rûnom ’t Spaanske leger,
waard ûntset, fan fijâns mêd
kaam wei de rook fan hutspôt,
rap derhinne, mar gjinien waard sêd.

’t Ferhaal wurdt troch de ieuwen hinne
spile: hutspôt op dyselde dei
foar  twa âldfammen mei de hannen
gear, it hûntsje die ek mei
en kefte foar it iten,
wylst it duo dimmen amen sei.

Image

* Alexander Hugo Bakker Korff (1824-1882)
Skilderij ‘Hutspôtdei’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum