Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Ferskil yn oardiel

Keunst
PDF Print E-mail
fan Edgar Degas*
fan Wilhelm Leibl**

Image

’t Hat ien en al beweging west
mei ’t hiele lichem yn de draai
en wer werom, omheech, foaroer,
in bûging nei de lêste swaai
en dan de spanning nei de test.

Hy stiet wiidskonkich, hâldt him stil
oant elke wytjurk nei him sjocht,
syn earmen op ‘e stôk, foaroer;
as hy de mûle iependocht,
begjint it oardiel nei syn wil.

Sy wie net op it testballet:
in swarte hoed, gjin strik yn ’t hier,
kreas yn model, strak achteroer,
sy bliuwt harsels, ferlûkt gjin spier,
it eigen oardiel is har wet.

Image

* Edgar Degas (1834-1917)
Skilderij ‘De dûnsles’

** Wilhelm Leibl (1844-1900)
Skilderij ‘Holle fan in plattelânsfamke’

admin

Bûten de noarm

Keunst
PDF Print E-mail
fan Thérèse Schwartze*
fan Nicolaas van der Waay**

Se giene troch foar unifoarm,
omdat it ienkear wezen wiene
dy’t foldiene oan deselde noarm:
it libben fan de goedens liene.

Image

Sjedêr de trije mei ferskil
yn aksje en mei konsintraasje
harkjend, want se ha in eigen wil,
ek rjochte op ferdivedaasje.

Se giene troch foar unifoarm,
mar binnen stie soms ien derbûten,
sy foldie net oan de fammenoarm,
it narjen wie foar har in boete.

It lêzen fan in treastferhaal
brocht stilte nei de stoarm fan binnen,
sy ferskilde troch in eigen taal
dy’t krong troch weeshûsmuorren hinne.

Image

* Thérèse Schwartze (1851-1918)
Skilderij ‘Trije boargerweeshûsfamkes fan Amsterdam’

** Nicolaas van der Waay (1855-1936)
Skilderij ‘Amsterdamsk weesfamke’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum