Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Te swier

Keunst
PDF Print E-mail
fan James Ensor*

Image

Stoffen wjukken slute ôf
wat yn in frjemde kromte leit,
by neier ynsjen is ’t in frou
dy’t ljochtskyndei neat seit.

As wie ’t nacht, sa sakket sy
de djipte yn, fertize yn
in faai bestean al lang foarby,
it oare is mar skyn.

Lykwols achter har skynt ljocht,
twa wjukken binne iepenslein,
sy hat de eagen ticht en sjocht
it fleanen yn de rein.

’t Liket har op fleanen ta,
de kromte seit, sy is te swier
foar stoffen dy’t gjin wjukken ha,
sy sakket op ‘e flier.

* James Ensor (1860-1949)
Skilderij ‘De dame yn need’

admin

Lokale noarmen

Keunst
PDF Print E-mail
fan Harry Kuyten*
fan Jan Akkeringa**

Image

Se wenne op ‘e Hearegrêft,
dus moast se eptich rinne
yn in wite jurk, mei ljochte hoed,
net roppe, yn it praten sêft,
gjin hân omheech by glimkegroet,
want sa soe elk de âlders kenne.

Mar doe’t se rekke út it sicht
fan heit en mem die ’t rinnen
nei de rjochte regels har gjin sier,
se swalke mei de eagen ticht
en dan wer iepen foar ’t plezier,
knypeage laitsjend nei de sinne.

Se koe har mem dy deis net mear,
mei ’t suske yn de dunen
mocht se sûnder hoed sa yn it sân
en kopketûmelje, sân kear,
en roppend drave oer it strân
en by de kninehoalen strune.

Image

* Harry Kuyten (1883-1952)
Skilderij ‘Hearegrêft Amsterdam’

** Jan Akkeringa (1864-1942)
Skilderij ‘Mem mei bern yn de dunen’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum